Magnus Graphic Novel

 15,00

Kening Rêdbâd en Grutte Pier, de helden fan de Fryske skiednis. Alteast, de ienige helden dy’t wy kinne. Mar dêr komt mei dit boek feroaring yn. In nije held is opstien, ien fol fjoer en flam. Drager fan it âlde findel, Magnus Forteman.

As om it jier 800 hinne Karel de Grutte, kening fan de Franken, foar in grut probleem stiet ropt hij de help fan de Friezen yn. De Franken en de Friezen binne perfoarst gjin freonen mar de Fryske lieder Magnus Forteman beslút yn te gean op it fersyk fan de Frankekening om de stêd Rome foar him te feroverjen, hy hat in plan dat eltsenien fersteld stean litte sil. Alles stiet op it spul en sels syn eigen broer en sus twivelje oan him. Slagget it Magnus om harren te oertsjûgjen en syn plan yn wurking te setten?

Lit jimme meifiere yn dit epyske boek dat ta stân kaam is troch in gearwurking tusken tekener Skelte Braaksma en metalband Baldrs Draumar.

Wishlist

SKU N/A Category

Wishlist

Extra informatie

Select your option

With autographs of the band, Unsigned & Sealed